D'r stean no 165 Fryske gedichten op de webside.
Wolkom op de side fol mei Fryske poesyalbumferskes! Jo fine hjir ek skens fan poesyalbums, ynformaasje oer de skiednis fan it album en fansels moaie ferhalen en oantinkens oer poesyalbums.
It Nederlânske Van Dales Groot woordenboek definiearret:
‘poe·sie·al·bum (het ~) album voor versjes als aandenken aan vrienden’.
Witte jo noch in poesyalbumferske of ha jo noch ien yn jo album stean dy't hjir net op de side stiet? Jou it oan ús troch, dan sette wy him der gau by.
Wy boarten faak as famkes,
freonskiplik dei oan dei,
ik hoopje dat dy freonskip
noch jierren duorje mei.
En sjochst yn stille oeren,
dyn album dan ris nei,
dan tinkste, (Trynke)...
dêr boarte ik faak mei!