Ynlieding
Wat is dat eins: in poesyalbum?
Hoe brûkst in poesy-album?
Wa brûke in poesy-album?
Skiednis
Ynlieding

Wat wie dat prachtich ast sa’n moai album krigest en dan faak ek noch mei fan dy prachtige plaatsjes dy’t as fersiering fan dyn ferskes tsjinje koene. Soms krigest dat op ’e jierdei, of fan Sinteklaas. Wat wiest der sunich op, en wat wiest nijsgjirrich wat elkenien deryn skriuwe soe. Mar earst fansels dyn eigen ferske, dat sjen liet, dat it album fan dy wie.
En ja, sa’n album hie fansels de namme ’Poesy-album’. Letter harkest der ferheard fan op, dat ‘poesy’ foar poëzy stie. Logysk fansels, mar noait oan tocht.

Op dizze side binne allerhanne âlde, mar ek nijere ferskes opnommen, te begjinnen mei in ‘eigendomsferske’ en datumferskes, folge troch ferskes dy’t heit, mem of oare famyljeleden dêryn skriuwe kinne. Lytse grapkes en goede winsken hearre fansels ek yn it album. Der sil fêst wat by sitte dat wer op ‘e nij brûkt wurde kin foar in nije generaasje grutske albumbesitters.
Mar it is fansels ek aardich om te witten, wêr’t dy albums weikomme, hoe’t se ûntstien binne en hoe’t se op 't lêst wurden binne. Dêr folget hjir neiere ynformaasje oer.